List fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenning

Yndianestammen mei federale erkenning binne lânseigen Yndiaanske stamme-organisaasjes yn 'e Feriene Steaten, dy't wetlike erkenning genietsje fan it Amerikaanske Buro fan Yndiaanske Saken (BIA), dat ressortearret ûnder it Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken. Yn maaie 2013 publisearre it Federaal Register fan 'e Feriene Steaten in offisjele list mei de nammen fan 'e 566 stammen dy't doe federale erkenning genoaten. Sûnt dy tiid binne der noch ferskaten by kommen.

Dizze erkenning is fan belang om't it Amerikaanske Kongres ûnder de Amerikaanske Grûnwet it rjocht hat om mei offisjeel erkende stammen om te gean, wat dy stammen beskate foardielen ferskaft (û.m. op it mêd fan belestings) en harren foar soevereine naasjes oanmerkt. Sokke soevereine naasjes binne semy-autonome regearings, dy't net bûn binne oan 'e wetten fan 'e Amerikaanske steaten binnen de grinzen wêrfan't sy har befine, mar wol oan 'e federale wetjouwing. It wetjaande tafersjoch oer harren wurdt úteinlik útoefene troch it Amerikaanske Kongres, wylst de útfierende macht yn dizzen foarme wurdt troch it Buro fan Yndiaanske Saken. It aard en de legitimiteit fan 'e relaasjes tusken dy ynstânsjes en de federaal erkende stammen wurdt troch de Yndianen noch altiten bekreaud.

In federaal erkende "stamme" is net wat men bûten de Feriene Steaten, dêr't it begryp stamme ornaris lykslein wurdt mei in etnyske groep, ferwachtsje soe. Yn 'e Feriene Steaten kin in stamme lykwols ferskate etnyske groepen omfetsje, lykas de Colville Konfederearre Stammen, dy't út tolve etnyske groepen besteane. Likegoed is it mooglik dat ien etnyske groep fertsjintwurdige wurdt troch mear as ien federaal erkende stamme, lykas by de Sjajinnen (2), de Ponka (2), de Sjeroky (3), de Lakota (6) of de Kûmejaai (13).

Om federale erkenning te winnen, moat in stamme foldwaan oan sân betingsten fan it BIA, dy't yn 1978 har definitive foarm krigen hawwe. Fjouwer dêrfan binne yn 'e regel problematysk foar stammen dy't federale erkenning besykje te krijen: dat it in tradisjonele groep mei histoaryske woartels is; dat it fan âlds troch de bûtenwrâld identifisearre is as in Yndiaanske entiteit; dat it polityk gesach útoefenet oer syn leden; en dat it fuortkomt út in histoaryske stamme. Organisaasjes dy't federale erkenning oanfreegje, moatte detaillearre petysjes yntsjinje by it BIA, en der geane faak jierren oerhinne foar't der in definitive útspraak dien wurdt (tweintich of sels tritich jier is gjin útsûndering, al duorret it yn trochsneed in jier as fyftjin). Om in foarbyld te jaan, de Sjinnekok Yndianenaasje tsjinne yn 1978 foar it earst in petysje yn, en wist einlings yn te'n lêsten federale erkenning te bemachtigjen yn 2010, 32 jier letter. De measte oanfragen wurde trouwens úteinlik ôfwiisd. In protte (mar lang net alle) ôfsûnderlike Amerikaanske steaten biede Yndiaanske stammen in legere foarm fan erkenning, dy't oer it algemien makliker te besetten is, mar dêr't folle minder foardielen en rjochten oan ferbûn binne (sjoch: List fan Amerikaanske Yndianestammen mei erkenning op steatsnivo).


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne